Bloeiwike: Frysk dichtwedstriid Lauwerspoelpaad Kollumersweach

Frijwilligers út Kollumersweach lizze in nij learzepaad oan by harren doarp: it Lauwerspoelpaad. De rûte rint fan wenwyk de Cedelshof ôf troch it elzesingellânskip rjochting de Lauwerspoel.

Dêrnei komst op it paad tichtby it spoar en kin fia it Tsjerkepaad in slachje makke wurde. De Lauwerspoel is as lyts marke in histoarysk plak yn it lânskip. Betocht is dat dit markante plak bewenners fan it gebiet de kommende wiken ynspirearje kin ta it skriuwen fan in Frysk gedicht.

Oprop oan ynwenners: leverje fóár 1 maaie 2025 dyn eigen Frysk gedicht yn

Pleatslik Belang Kollumersweach en Feankleaster mei in útfierende wurkgroep organisearret hjirfoar in Fryske gedichtewedstriid. Ynwenners út Kollumersweach-Feankleaster of sy dy't harren roots yn dizze doarpen hawwe, kinne oant en mei 1 maaie 2025 harren eigen Fryske gedicht oer de Lauwerspoel (+ namme, kontaktgegevens en leeftiid) maile nei: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.. Hoechst gjin trochwintere dichter te wêzen. Ast skriuwen moai fynst en in aardich gefoel hast by de Fryske taal, dizze wedstriid is in kâns foar lokaal ferburgen talint. It winnende gedicht of in koarte ferzje dêrfan krijt in plak lâns de kuierrûte. De gedichtewedstriid stiet iepen foar dielnimmers fan alle leeftiden.

Utslach mei Bloeiweek yn maaie

De sjuery makket mei de Bloeiwike Kollumersweach-Feankleaster de winner bekend. Fan 9 oant 18 maaie stiet Kollumersweach & Feankleaster yn it teken fan Fryslân Bloeit. Yn de Bloeiwike litte de doarpen sjen hoe't se op in duorsume wize omgean mei klimaat, mienskip, sûnens en natuer. Mei aktiviteiten as in duorsume kleanmerk, oldtimershow, hagedoarskuier en pumptrackbaan is der foar elk wat wils.

It Lauwerspoelpaad is ein oktober klear

Ferbinings tusken de perselen binne makke. Lâns de agraryske perselen meitsje frijwilligers in stek foar it learzepaad. Nei 1 july lizze frijwilligers it twadde part oan yn oerlis mei Steatsboskbehear. It paad is in projekt fan Pleatslik Belang Kollumersweach-Feankleaster en de lokale wurkgroep Lauwerspoelpaad. Belutsen agraryske lâneigeners drage dit inisjatyf út de Mienskip in waarm hert ta. Mei harren hat Pleatslik Belang earder in gebrûksoerienkomst ôfsletten foar 30 jier. It paad is betocht om de Lauwerspoel better berikber te meitsjen, sûnder de natuer oan te taasten. De Lauwerspoel is nei alle gedachten in oerbliuwsel fan in pingo út de iistiid. Ter hichte fan de Lauwerspoel komt in ynformaasjeboerd en ek in bankje. Dêr kinst yn alle rêst fan de omjouwing genietsje. Dit lokale kuierke troch it elzesingellânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden duorret ûngefear in healoere. Yn oktober sil it paad iepene wurde.

It Lauwerspoelpaad wurdt mooglik makke troch bydragen út it doarp - en wikefûns fan de gemeente Noardeast-Fryslân, it Iepen Mienskipsfûns fan de Provinsje Fryslân, it Koöperaasjefûns fan de Rabobank Drachten Noardeast Fryslân, it Postcode Loterij Buurtfonds en Pleatslik Belang foar Kollumersweach en Feankleaster.

Hier de Nederlandstalige versie van bovenstaand persbericht.