Op 8 july 2021 hat de gemeenteried de ynfiering fan Fryske plaknammen goedkard. Dat betsjut dat 22 doarpen fan 1 jannewaris 2023 ôf offisjeel in nije plaknamme krije.

Jo kinne se fine yn de bylagen oan 'e ein fan dit berjocht. Wy kinne ús foarstelle dat jo as ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân hjir fragen oer hawwe. Hjirûnder stiet ynformaasje wêr’t wy fan hoopje dat guon fan jo fragen beantwurdde binne. Alle bedriuwen hawwe no in brief krigen oer de nammeferoaring. Yn dit berjocht komme ek in oantal punten foar bedriuwen oan bod.

Wat feroaret der fan 1 jannewaris ôf?
De gemeente sil fan 1 jannewaris ôf de nije plaknammen yn alle kommunikaasje brûke. Dit betsjut bygelyks:
- Freegje jo in úttreksel út de Gemeentlike Persoanlike Register of in fergunning oan? Dan stiet der fan 1 jannewaris 2023 ôf de nije Fryske plaknamme op.
- Yn de stimpas foar de ferkiezings fan 15 maart 2023 stiet de nije plaknamme.

Sluting fan loketten foar boargerlike saken op 30 desimber 2022 en 2 en 3 jannewaris 2023
Wy moatte de plaknammen yn alle gemeentlike systemen ynfiere. Dêrom slute wy de loketten foar alle aksjes yn Damwâld en Kollum op 30 desimber 2022 en 2 en 3 jannewaris 2023. Dat is allinnich foar de ynwenners fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Wy kinne de systemen dan net brûke. Boargerlike Saken is telefoanysk te berikken op 0519-298888 opsje 3. Jo kinne dit telefoannûmer ek brûke as jo in berte of ferstjerren melde wolle.

Mear  ynformaasje hjir oer:

Yn it Frysk

Yn it Nederlânsk

Foar bedriuwen