Goeie, ik bin let mei it pleatsen fan it stuk fan dizze wike…

No wit ik dat der eins gjin ‘deadline’ oan de stikjes sit, mar ik probearje dochs ongefear om ien kear yn ‘e wike te pleatsen, en dat is no dus net slagge
Net omdat ik neat meimakke ha hear, nee totaal net! Ik ha sels bysûnder nijs te fertellen.

Ik ha snein yn de kategory teater fan ‘Kunstbende Fryslân 2018’ wûn, en bin no dus finalist yn de landelijke finale fan de kategory teater fan ‘Kunstbende’ yn de Westergasfabriek yn Amsterdam (!).
Dat wienen wol in hiele protte “yn” yn ien sin…


Dus foar de dúdlikens, ik stean foar de kategory teater yn de landelijke finale fan ‘Kunstbende’, as finalist fan Fryslân.
Ik bin tige enthousiast en benijd nei hoe’t dat gean sil, mar ik bin al hielendal oer’al dat ik wûn ha en der stean mei (!) ek mei ik mei “Goedbedoeld” op Noorderzon stean…
De tiden en data komme foar de leafhawwers wol op Facebook en ûnder in folgjend artikel te stean. Foar de minsken dy’t my graach supporte en folgje wolle: dat kin dus!

Wat is ‘Kunstbende’ no eins?

Ja, dat is in wedstryd mei ferskeidene kategoryen foar jongeren oantemei 18 jier. It aardige is dat der bekende minsken út de wrâld fan de kategory wer‘st oan mei dochst, yn de sjuery sitte, en datst in protte minsken kennen learst mei deselde passy as dy. Ek binne der workshops mei bekende minsken dy‘st fragen stelle meist en dat is fansels tige nijskjirrich. Nee minsken ik meitsje gjin reklame, mar ik ried it seker oan oan de jongeren <18 om at it se wat liket mei te dwaan, it is in hiele belibbenis.

“Goedbedoeld”

Goedbedoeld is in stik kaberet weryn ik fertel oer de dingen wer’t minsken net sa goed fan witte wat se dermei oan moatte. En dan sizze minsken faak “ja, mar it is sa goed bedoeld”, yn it stik komme sawol de taastbere dingen sa as de goed bedoelde jierdeikado’s, as de goed bedoelde ried fan je neisten foar. Ik probeare dit mei in soart humor te bringen, en ik hope dat it foar in soart minsken hiel bot herkenber wêze soe… En dit blykte doe’t minsken nei my ta kamen om te fertellen dat ik it sa aardich die, en dat sy altyd moaie breidenen kessenslopen fan harren beppe krigen dy ’t nei de ferhúzing by fersin weirekke wienen. Myn doel wie dermei berikt, want ik hie net tocht noch te winnen nei alle blunders op it podium sels… mar toch! En troch dy moaie goed bedoelde dingen, en myn droege Fryske humor en boadskip mei ik dus op it podium fan de Westergasfabriek yn Amsterdam stean!

Nijskjirrich wurden? Bliuw my dan folgjen foar it ferfolg dat jo en ik beide (noch) net witte…

Anouk