Goeie, ik ha jim ferwaarloaze…
It spyt my, it lêtste artikel dat ik makke ha wie foar de kryst(!)
Ik sil dan ek gau wer wat foar jim skriuwe.

Dit is de wike fan de Olympische winterspultsjes, “ús Sven” hat Nederlân natuurlik al op de kaart setten, mar we meie Carlijn, Ireen wüst en Antoinette ek net ferjitte!
Persoanlyk bin ik net een persoan dy’t dit yn ‘e gaten hâld op ’t journaal of yn e krante, dat is miskien best wol min fan mie. Mar ik koe dit grutske evenemint natuurlik net útlitte yn it artikel fan dizze wike.


Wat my dan wol wer boeit oan dit soart eveneminten is de motivaasje en dream fan alle spilers,  wêr soe dizze begûn wêze? En wat soenen dizze spilers allegear wol net meimakke ha ûnderweis nei “de top” ?

Persoanlik wol ik echt graach fjirder yn ‘e muzyk, en dêr wol ik ek (hast) alles wol foar dwaan! Dreamen, eltsenien hat se mar der is mar in lytse groep minsken dy’t se ek echt achternei geanne… werom is dat eins? Om de risiko’s dy’t deroan fêst sitte? Ik wit sels hoe lestich it wêze kin om dy oan dyn dream fêst te hâlden, mar at jo it net probearje wurdt it sawiesa gjin wurklikheid. Ik ha sels faak heard  “mar wat dan at it neat wurdt?” en “do moast der wol dyn ynkommen úthelje”. Dat kloppet, as in boekje. En ik bin my der ek tige bewust fan dat dat sa is! Mar dit is wol hoe ’t ik myn ynkommen graach fertsjinje wol, en de rest fan myn libben dwaan wol! En ast iets echt hiel graach wolst, dan kinst in hiel ein komme tink ik, nee, fyn ik! Ik wie in kear earne wêr’t  ien dit wêr tsjin my sei, op dat momint kamen we by in tsjerkhôf del. En op dat momint tocht ik: de minsken dy ‘t dêr lizze, dy tinke net mear nei oer in stúdzjeskuld of  “wat no at…?” . Ik wol dit net TE persoanlik meitsje, mar ik haw al it ien en al meimakke yn myn libben en ik bin fêstberieden om no iets te dwaan en derfoar te kiezen  om te dwaan wat IK wol! En dat is muzyk meitsje, sjonge en oaren dermei helpe, ‘entertaine’ en wêr’t it kin ynspirearje. Dêrneist skriuwe en akteare, mar earst mar ris dwaan wat foar my op ‘e foargrûn stiet… Wat binne jo dreamen? Binne jo wol achter jo dreamen oangien? Is it slagge om se yn JO WURKLIKHEID te pleatsen? Ik bin benijd, en soe graach reaksjes fan jo krije en in ynterview dwaan! Dit kin gehiel anonym. Ik hear graach reaksjes fan jim, jim meie my ek maile op: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken..

Groetsjes fan Anouk