Tonielseskip “Noflik Tegearre” spilet freed 4 nov yn doarpshûs “de Trije Doarpen” yn Kollumersweach. Oanfang 20.00 oere

In bolle yn de hûs.

Gryt Feenstra komt thús fan har wurk en hat foar har man Bjinse, dy’t de húshâlding docht, in nuver boadskip. In kollega fan har, in jonge frou dy’t gjin man ha wol mar wol in bern, hat har frege oft Bjinse har dêr net by helpe koe. Dit liket Bjinse nei fleanen. De ôfspraak is lykwols dat Antsje, de kollega, oer in kertier komme sil. Hoe sil dit ôfrinne?

Buulsit:
Olga en Emiel binne in spantsje. Hja komme elk út in alhiel oar miljeu. De âlders fan Emiel komme op besite by de mem en beppe fan Olga. In famylje út de “hegere” kringen by in famylje út de “legere” stân. Foaral ek yn it taalgebrûk sitte grutte ferskillen.

In hûs mei hûshaldster:
De famylje Singelsma komt te húsbesjen by de widdo Arends, dy’t nei in lytser hûs yn ‘e stêd ta wol, omdat de tún har te bewurklik wurdt. Yn in advertinsje yn ‘e krante biedt sy har hûs oan ‘mei húshâldster’, want dêr hat sy yn ‘e stêd ek gjin ferlet mear fan. De priis, dy ’t sy foar har hûs freget, falt Singelsma sa bot ôf, dat er net fierder wol as de wenkeamer: de keap kin neat wurde. Syn frou wol dochs wol graach wat mear fan it hûs sjen en fansels giet frou Arends har mei alle wille foar om in slach troch it hûs. Yn dy tiid komt Singelsma yn ‘e kunde mei de húshâldster en dan binne hy èn it hûs samar ferkocht……

It wurd ek noch spile op:

Saterdei 5 novimber 20.00 uur De Tredder Westergeast
Freed   11 novimber 20.00 uur Old Dutch Westereen